Boekekast #5: 'Lost in Translation', in ferhaal fan Jetske Bilker

Op it sollisitaasjepetear die bliken dat it om in oare baan gie. Dêr siet ik, yn myn moaie jurk en mei in earstegraadsfoech foar Frysk. Mar myn diploma's leinen by Frits. 'Wat sikest krekt yn 'e berne-opfang?' frege de jonge frou mei de reade hynstesturt. Ik wíe al oerkwalifisearre, mar dit senario hie my yn myn sliepeleaze nachten noch net wekker hâlden. 

It ferhaal 'Lost in Translation' is skreaun troch Jetske Bilker en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Jetske Bilker (1960) is skriuwer, oersetter, resinsint en se jout kursussen kreatyf skriuwen.

Boekekast

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen fan it jier krije yn de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân in ferfolch. Foar it twadde seizoen ha acht Fryske skriuwers spesjaal in ferhaal skreaun, mei eltse sneon in nij ferhaal. Dêrneist giet presintatrise Karen Bies ek mei de skriuwer yn petear oer it ferhaal, de eftergrûn en de literatuer.
(Advertinsje)