Boekekast #4: 'Dûke, verdammt noch mal', in ferhaal fan Geart Tigchelaar

As ik it lêste tsjil pak om oan it ûnderstel fêst te meitsjen, stiet myn soan Jacco ynienen yn 'e iepening fan 'e carport. 'Dus dochs?' freget er nei de bekende wei. 'Ja, dus dochs,' sis ik justjes nitelich, om't wy der al safolle wurden om smoarch makke hawwe. De ienmansûnderseeboat út 'e Twadde Wrâldoarloch fan it Dútske type Biber is in erfskip fan ús heit, dy't der doe mei fearn hat.

It ferhaal 'Dûke, verdammt noch mal' is skreaun troch Geart Tigchelaar en wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra. Geart Tigchelaar (1987) is oersetter, skriuwer en dichter.

Boekekast

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen fan it jier krije yn de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân in ferfolch. Foar it twadde seizoen ha acht Fryske skriuwers spesjaal in ferhaal skreaun, mei eltse sneon in nij ferhaal. Dêrneist giet presintatrise Karen Bies ek mei de skriuwer yn petear oer it ferhaal, de eftergrûn en de literatuer.
(Advertinsje)