Boekekast #3: 'It moaiste', in ferhaal fan Piter Boersma

Libbe siet op 'e bank en seach nei de swarte kroltsjes fan syn pakesizzer. It jonkje siet al in healoere by him op 'e skoat en hie de tomme yn 'e mûle. Der wie neat dat him en Roland mear nei 't sin wie as dit.

It ferhaal 'It moaiste' is skreaun troch Piter Boersma en wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma.  Piter Boersma (1947) is skriuwer, útjouwer en haadredakteur fan Frysk literêr tydskrift Ensafh.

Boekekast

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen fan it jier krije yn de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân in ferfolch. Foar it twadde seizoen ha acht Fryske skriuwers spesjaal in ferhaal skreaun, mei eltse sneon in nij ferhaal. Dêrneist giet presintatrise Karen Bies ek mei de skriuwer yn petear oer it ferhaal, de eftergrûn en de literatuer.
(Advertinsje)