Boekekast #2: De nacht fan Mare fan Willem Schoorstra

Yn dizze twadde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De Nacht fan Mare'. Mare fan santjin en Thomas fan twaentweintich binne de haadpersoanen yn 'De nacht fan Mare'. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat.

Boekekast

In boek lêze dochst foaral thús yn ’e loaie stoel, mar mei in podcast hast Fryske ferhalen altyd en oeral by dy. Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân hawwe dêrom de podcastsearje ‘Boekekast’ opsetten, wêryn Fryske ferhalen en fragminten út aktuele romans as podcast brocht wurde. Alle wiken op snein is in nije podcast te finen.
(advertinsje)