Boekekast #15: Wek yn 'e rivier fan Durk van der Ploeg

Wek yn 'e rivier is it ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad stiet fan Ake. De húshâlding, dy't, mei inkelde ûnderdûkers libbet op in pleats yn de Dongeradielen libbet rekket yn it fersetswurk behelle. Mei jonges fan 'e Knokploeg wachtsje de heit, Ake en syn broer op fleantugen dy't wapens droppe sille foar it ferset.

In fragmint út Durk van der Ploeg syn boek Wek yn'e rivier wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma.

Boekekast

In boek lêze dochst foaral thús yn ’e loaie stoel, mar mei in podcast hast Fryske ferhalen altyd en oeral by dy. Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân hawwe dêrom de podcastsearje ‘Boekekast’ opsetten, wêryn Fryske ferhalen en fragminten út aktuele romans as podcast brocht wurde. Alle wiken op snein is in nije podcast te finen.
(advertinsje)