Berneprogramma fan 22 desimber 2017 17:45

Tomke: In rûntsje om de krystbeam.

Tomke, Romke en Kornelia sille op besite by buorman Piter.
Dy wennet no by allegear oare pake's en Beppe's yn in hiel grut gebou.
As se buorman freegje wêr't al dy knopkes op syn rolstoel foar binne, wol der dat wol efkes sjen litte.
Romke en Tomke meie by him op skoat en dan ride se om de krystbeam hinne.
Mar giet dat net wat te hurd?

Berneprogramma

Alle jûnen foar de alderlytsten in berneprogramma fan in pear minuten om de dei mei ôf te sluten. Ofwikseljend Tomketiid, Bear Boeloe en Fratsen.
(advertinsje)