Berneprogramma fan 17 april 2018 17:45

Bear Boeloe: Tillefoan, diel 7

Wat wie dat juster in frjemd bist net, dy aaipad!
Wyke koe Wikje de heks net fine, mar kaam dat bist tsjin.
En as se him aait, feroaret it ynienen yn in wrotmûzefamke.
Antsje hjit se en Wyke fynt har wol hiel leuk leau ik.
Sa leuk, dat Bear Boeloe wat jaloersk wurdt.

Berneprogramma

Alle jûnen foar de alderlytsten in berneprogramma fan in pear minuten om de dei mei ôf te sluten. Ofwikseljend Tomketiid, Bear Boeloe en Fratsen.
(advertinsje)