Berneprogramma fan 13 desimber 2017 17:45

Tomke: Tomke moat pisje. Kornelia, Tomke en Romke sille nei it strân. 'Gean earst noch mar efkes te pisjen' seit Kornelia. Mar Tomke hoecht net nei it húske, en docht dat net. Dan moat er hiel lang yn 'e auto sitte, en komme se ek noch yn in file telâne. No moat er toch wol nedich.

Bear Boeloe

Om it 25-jierich jubileum te fieren is it dizze wike Bear Boeloe wike by Omrop Fryslân !!
(Advertinsje)