Beklimmers 8 Joke Hermsen

Kalmte en oandacht binne nedich om kreatyf te tinken, seit filosofe Joke Hermsen. Ast opjage wurdst troch de klok, rekkest út balâns en is der in risiko op burn-out. Wy moatte, seit Hermsen, sa no en dan oan de kloktiid ûntsnappe. Dizze ôflevering fan de 'Beklimmers' giet oer besinning.

'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. Oer lytse, lokale inisjativen, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de searje is fan Kjartan Sveinsson.

Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

Ferhalen dy’t derta dogge, dy’t oansette ta neitinken en ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.
(Advertinsje)