Beklimmers 7 Caspar van den Berg

De ûnfrede op it plattelân rjochting Den Haach nimt ta. Heechlearaar 'Global & local governance' Caspar van den Berg wol de plattelânsgebieten Fryslân en Seelân oanwize as laboratoaria foar in demokratysk eksperimint. Van den Berg is ferbûn oan de University Campus Fryslân.

'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. De searje giet oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk is fan Kjartan Sveinsson.

Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

Ferhalen dy’t derta dogge, dy’t oansette ta neitinken en ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.
(Advertinsje)