Beklimmers 6 Jouke de Vries

Hoe hâlde ambisjeuze studinten yn Fryslân perspektyf op in goede baan en in goed thús, sadat se net nei de Rânestêd hoege te ferhúzjen? Neffens Jouke de Vries, bestjoersfoarsitter fan de Ryksuniversiteit Grins, kinne júst de jongeren de regio ûntwikkelje. Der hoecht gjin sprake te wêzen fan 'leechrin' en 'braindrain'. 

'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies. De FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân' giet oer inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, betocht op basis fan grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de searje is fan Kjartan Sveinsson.

Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

Ferhalen dy’t derta dogge, dy’t oansette ta neitinken en ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.
(Advertinsje)