Beklimmers 5 Floris Alkemade

Ryksboumaster Floris Alkemade tinkt dat it plattelân belangryk is foar de fernijing yn enerzjy, lânbou, ynfrastruktuer en it ynrjochtsjen fan de iepenbiere romte. Alkemade leaut yn de krêft fan doarpen. Hy neamt se ideale leefmienskippen, dêr't minsken elkoar stypje en rekken hâlde mei inoars belangen.

Beklimmers is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. Oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de 'Beklimmers' is fan Kjartan Sveinsson.

Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

Ferhalen dy’t derta dogge, dy’t oansette ta neitinken en ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.
(Advertinsje)