Beklimmers 4 Herman Lelieveldt

Neffens politikolooch Herman Lelieveldt hat de frije merk net it bêste foar mei de sûnens fan de befolking. Minsken binne net yn steat om de ferlokkings fan goedkeap en net-sûn iten te wjerstean, en foaral de plattelanner is dêr gefoelich foar. De oerheid moat mear stjoering jaan, mient Lelieveldt. Hy is ferbûn oan University College Roosevelt yn Middelburg.

'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. Oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de 'Beklimmers-searje' is fan Kjartan Sveinsson. 

Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

Ferhalen dy’t derta dogge, dy’t oansette ta neitinken en ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.
(Advertinsje)