Beklimmers 3 Imke de Boer en Evelien de Olde

Imke de Boer en Evelien de Olde binne ûndersikers 'dierlijke productiesystemen' oan Wageningen University & Research. Harren fisy op de takomst fan de lânbou begjint by de boarger. Dy moat belutsen wurde by syn eigen produksje fan iten, sadat hy 'm dêrfoar ferantwurdlik fielt. Boppedat pleitsje De Boer en De Olde foar 'miljeuplafonds', dat wol sizze: de makismale belêsting dy't in regio hawwe kin fan de lânbou. It idee is dat de boer ek 'steward' fan it lânskip is, en dêrfoar ek betelle wurdt.

'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de 'Beklimmers fan it flakke lân' fan FryslânDOK. Oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn dizze searje is fan Kjartan Sveinsson.

Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

Ferhalen dy’t derta dogge, dy’t oansette ta neitinken en ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.
(Advertinsje)