Beklimmers 2 Eric Brinckmann

Yn Beklimmers diel 2 wurdt filosoof Eric Brinckmann ynterviewd. Hy is ek behearder fan in bûtenpleats. It lânskip is in wêzentlik ûnderdiel fan it libben op it plattelân. Mar de bewenners hawwe harsels hieltyd mear loskeppele. Eric Brinckmann wol de relaasje tusken minsken en it lânskip, dêr't se yn wenje, werombringe. 

'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de 'Beklimmers fan it flakke lân' fan FryslânDOK. Oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn dizze searje is fan Kjartan Sveinsson.

Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

Ferhalen dy’t derta dogge, dy’t oansette ta neitinken en ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.
(Advertinsje)