Befrijingsfestival Fryslân fan 5 maaie 2021 17:15

Wa’t it festivalgefoel ûnderfine wol, moat op Befrijingsdei ôfstimme op Omrop Fryslân. Fan 17.15 oere ôf stjoert Omrop Fryslân in live-útstjoering fol ynterviews en reportaazjes út. It programma is folle mei muzikale bydragen fan Tino Martin, Davina Michelle, De Kast, Wulf, Boaz, Electric Hollers en Wiebe Kaspers. In unike gearwurking tusken Omrop Fryslân en it Bevrijdingsfestival Fryslân, út de Harmonie wei.

Bevrijdingsfestival Fryslân

Live te folgjen it befrijingskonsert út de Harmonie yn Ljouwert
(Advertinsje)