Befrijing Skier fan 11 juny 2020 15:30

Skiermûntseach wie it lêste stikje Nederlân dat befrijd waard fan de Dútsers. Pas op 11 juny 1945 stapten de 600 Dútske soldaten op 'e boat nei Zoutkamp. Wat der op Skier bart is, en hoe't it kaam dat it eilân sa let befrijd waard, wurdt ferteld yn in spesjale telefyzjeútstjoering by Omrop Fryslân.

De provinsje Fryslân wol de befrijing fan Skiermûntseach betinke. Omdat der troch de coronamaatregels gjin grut evenemint mei in protte minsken mooglik is, is der yn it plak dêrfan in telefyzje-útstjoering mei gasten en livemuzyk.

De útstjoering is op tongersdei 11 juny tusken 15.30 oere en 17.00 oere op Omrop Fryslân, live by De Koaipleats wei.
Op tongersdei 11 juny om 21.00 oere en snein 14 juny om 21.00 oere wurdt it programma nochris werhelle.

Befrijing fan Skiermûntseach

Yn gearwurking mei Provinsje Fryslân betinke we yn in rjochtstreeks programma De Befrijing fan Skiermûntseach.
Presintaasje: 
Karen Bies
(Advertinsje)