Beatrix yn Fryslân fan 30 april 2013

Yn it programma 'Beatrix yn Fryslân 1980 - 2013' sjogge we werom op de besites dy't de keninginne brocht hat oan ús provinsje. Se wie hjir net allinnich op Keninginnedei, yn 1982 al yn Harns en 1993 op Flylân en yn Snits en letter ek noch yn Makkum en Frjentsjer. Mar se hat hjir ek regelmjittich op wurkbesites west en by ûnoffisjele gelegenheden. Ut de Omrop-argiven litte we in byld sjen fan de keninginne yn de mear as 20 jier dat se hjir foar de kamera's west hat. Ek fertelt Sjoerd van der Schaar fan Harns nochris hoe't dat wie doe't hy kennismakke mei Beatrix doe't se op Keninginnedei yn Harns wie mei man en bern. Ek âld-foarljochter Henk van der Winden fan Snits hat fan tichteby de besite fan de keninginne oan syn stêd meimakke en hy is no noch dwaande mei it skriuwen fan in boek oer de Oranjes.

Share this page on:
Beatrix yn Fryslan

Beatrix yn Fryslân

Nei Hjoed stjoert Omrop Fryslân Televyzje ‘Beatrix yn Fryslân 1980-2013’ út. In weromblik op al dy kearen dat de keninginne yn Fryslân wie. Fan it fieren fan Keninginnedei yn Harns, Snits, Makkum, Frjentsjer en op Flylân, oant wurkbesites en ûnferwachte moetings.
(advertinsje)