Baas Boppe Baas fan 9 july 2015 17:20

Moraalridders Hoe fier kinst gean, as it om leafde giet… Beant ûndekt dat de troude barfrou tutet mei in frjemde. Hy wol it geheim ferklappe, Joukje fynt dat ûnsin, net mei bemuoie, it is mar in flirt, wêr’t hy…… “” Wattt”, ropt Beant, “mei wa dan wol?” “Do bist trouwens ek net hielendal suver oan ‘e lever, fynt Joukje, ik ha dy ek wol ris betrape mei Hedwig!”. Dat wie wat oars, sa fynt Beant. De hiele famylje bemuoit him der mei en Talietha goait har oantreklik liif yn ‘e striid. Sy is faak yn ‘e kroech te finen, dat tsjin it sin fan Sjoerd. Hoe is it steld mei de moraal? Yn dizze ôflevering hat Leny Dijkstra in gastrol. It senario is skreaun troch Karin van der Meer. Van der meer skreau en betocht ek de searje ‘Rozengeur en Wodka Lime.
Diel dit berjocht op:
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)