Baas Boppe Baas fan 7 july 2015 17:20

Kening op sokken Joukje (Hilly Harms) en Talieta Baas (Meriyem Manders) binne oan it eksperimintearjen mei ynstraald wetter fan Jomanda en dat blykt Beant Baas (Rense Westra) ôfgryslik te helpen om't er troch de rêch gien is. It docht noch mear bliken as er ynfalt by in wichtige keatspartij tsjin partoer Chris Wassenaar. Dochs rekket Beant fan it hynder as blykt dat er yn 'e gaten hâlden wurdt troch in frjemd keppel - wa binne dochs dy nuvere minsken?
Share this page on:
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)