Baas Boppe Baas fan 6 july 2015 17:20

Oars as oaren Beant Baas (Rense Westra) komt de ideale skoansoan tsjin foar syn dochter Afke (Lianne Zandstra). Afke sit lykwols mei in grut dilemma. Hoe fertelt se oan har âlden dat se lesbysk is? Mei om’t har heit Beant hielendal neat fan homoseksualiteit ha moat. It liket der op dat konflikt ûnûntkomber is by de famylje Baas.
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)