Baas Boppe Baas fan 29 juny 2012

Baas Boppe Baas: It Geheim diel 1

By de famylje Baas is in hûntsje oanrûn en hja jouwe it de namme Bijke. Lykwols docht bliken dat Bijke slim siik is. Der ûntstiet in konflikt yn de famylje: moat it dier ôfspuite wurde of net. Wat docht Beant op it tsjerkhôf en wêr is Joukje yn har tinzen mei dwaande? Afke besiket it geheim út te plúzjen.

Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)