Baas Boppe Baas fan 20 july 2012

Baas Boppe Baas: Heldere Geest

Joukje begjint dingen te ferjitten. Se mist 50 euro út har beurs en wit net wêr’t se it oan útjûn hat. As blykt dat se hieltyd mear dingen ferjit, tinkt se dat se oan it demintearjen is. Der is ek merke yn it doarp, mei in wiersister. Beant hat it der net sa op, want dat binne sigeuners en dy doge net. De 50 euro fan Joukje en in moai fris frommis soargje foar hiel wat betizing.

Share this page on:
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)