Baas Boppe Baas fan 16 july 2015 17:20

Ein fan ‘e Ikker De famylje Baas wurdt op ‘e nij opskrille troch in stjergefal. Joukje fielt har de lêste tiid net sa lekker en se beslút om nei in sikehûs te gean. As de diagnoaze steld is, is elkenien oerémis. Joukje is lykwols sterk en fynt dat se rjocht hat op in eigen beslissing. De rest fan de famylje tinkt der dúdlik oars oer en dat soarget foar in soad argewaasje yn it hûs fan de famylje Baas. Talieta is hieltyd mear fereale op har nije dokter en se beslute nei in hûs út te sjen.
Share this page on:
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)