Baas Boppe Baas fan 15 july 2015 17:20

Pesterij Cynthia hâldt en draacht har hiel frjemd, se is bretaal en út har dwaan. Boppedat fertelt har master dat se nei alle tinken in mobile tillefoan stellen hat. Wat is der oan de hân? En wat hat se te meitsjen mei de kontainerbrân dêr’t se ek sinjalearre is? Beant Baas giet op ûndersyk út. Der is in nije kroechbaas yn it doarp te ferwolkomjen, Gré (neffens Beant gewoan Gryt). Tegearre mei har dochter Kim regelet se de kroech. Kim en Cynthia komme nau mei elkoar yn de kunde. Beant hat frjemde dreamen út it ferline dy’t him helpe mei it oplossen fan in mystearje.
Share this page on:
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)