Baas Boppe Baas fan 13 july 2012

Baas Boppe Baas: Rockfeest

Bennie sil in rockfeest organisearje op in stik lân ticht by it doarp. Dat rockfeest soarget foar twaspjalt by de famylje Baas. Talietha is lestich fallen troch in pear hardrock-fans en sjocht sa’n rockfeest hielendal net sitten en besiket fan alles om it feest te kearen.

Beant is fansels foar en stipet Bennie. Uteinlik is it in hiel lyts mûske dat de haadrol spilet.

Share this page on:
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)