Alvestêdetocht 1997: Fryslân DOK fan 4 jannewaris 2017 17:20

    Witst it noch? Tweintich jier lyn alwer, op 4 jannewaris 1997, wie de lêste alvestêdetocht. It is mar de fraach hoe lang as wy noch wachtsje moatte oant de folgjende. Dêrom sjogge we op 4 jannewaris op radio, telefyzje en ynternet werom op dy prachtige dei.

    Wiesto ek by de Alvestêdetocht en wat diesto no eins? Hasto De Tocht der Tochten miskien riden of stiesto de riders oan de kant oan te moedigjen? Wy wolle witte wat dyn oantinkens oan dy dei binne. Lit it ús witte en stjoer in email nei:
    redaksje@omropfryslan.nl

    Ek op telefyzje is der genôch omtinken foar de tocht. Sa is om 17.00 oere yn Fryslân Hjoed in reportaazje oer de Alvestêdetocht reuny op dy dei yn Hylpen te sjen en sjogge wy foarút nei hoe’t de tocht derút sjen soe as er no riden wurde soe. Om 17.30 oere sil de dokumintêre ‘Lij wetter, Alvestêdeportret fan Alde Leije’ útstjoerd wurde.

    Lij wetter, Alvestêdeportret fan Alde Leije

    De rûte fan de Alvestêdetocht rint dwerstroch it doarpke Alde Leie yn it noarden fan Fryslân. Foar de riders begjint dêr nei oeren wrakseljen it swiere stik tsjin de wyn yn nei Dokkum. Mar de ynwenners fan it doarp steane fan moarns ier oant jûns let klear om se der troch te skuorren. Omrop Fryslân makke yn 1997 in portret fan it doarp en folge de ynwenners yn de dagen foar de tocht oant de lêste rider foarby wie. It programma ‘Lij Wetter’ is in werjefte fan de ûnderfiningen fan de ynwenners fan it doarp mar ek fan de foarbykommende en yneine reedriders.

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)