Alvestêdetocht 1986 fan 26 febrewaris 2016 16:15

Sjoch nei bylden fan de wedstriid en de toertocht dy’t tûzenen riders wol as net folbrochten. Mei dy frjemde kopgroep mei Marten Hoekstra. De twadde oerwinning fan Evert van Benthem en alle oare favoriten dy’t harsels yn ‘e fernieling riden. NOS ferslachjouwer Evert ten Napel oer dat hy Rein Jonker oanride op it iis. En fansels Rein Jonker sels ek, hy waard twadde. EK omtinken foar de fjirde man, de ferrassing fan Nanne Semplonius fan de Lemmer. En alle drokte op it iis, benammen by Bartlehiem, hjir wiene nochal wat minsken.

Diel dit berjocht op:

Alvestêdetocht 1986

It is 04.30 oere yn de moarntiid, tûzenen riders steane oan de start fan de 'Tocht der tochten'. Yn 1986 waard op 26 febrewaris de Alvestêdetocht riden. Op Omrop Fryslân Telefyzje wurdt in part fan de dokumintêre ‘De Alvestêdetocht’ útstjoerd.
(advertinsje)