Afsluitdijk fan 22 febrewaris 2021 17:15

De ferhalen fan Lukas Meursing, Menno Onnes en Nynke Bottema

Lukas Meursing is as omjouwingsmanager foar Rykswettersteat der ferantwurdlik foar dat de feroaringen oan de Ofslútdyk goed ôfstimd wurde mei de omjouwing. Meursing sjocht de dyk as in ikoan. Sûnt de Ofslútdyk der stiet, hawwe der gjin grutte oerstreamingen mear west yn it gebiet.

Menno Onnes striidt al jierren tsjin ôffal op de Ofslútdyk. Eltse wike geane hy en syn frou nei de Ofslútdyk om safolle mooglik guod dat oanspielt op te romjen. It gekste guod dat oanspielt, wurdt troch it pear bewarre. Thús yn Harns hat Menno der in minymuseumke fan makke.

Ferhalen fan de Ofslútdyk

Yn Ferhalen fan de Ofslútdyk wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.
(Advertinsje)