Afsluitdijk fan 15 febrewaris 2021 17:15

De ferhalen fan Bas Reedijk en Herman Pennekamp

Bas Reedijk is de útfiner fan de saneamde Levvel-blocs, dy't yn Harns produsearre wurde. De Ofslútdyk wurdt hielendal belein mei 75.000 fan dy betonblokken. Se moatte de dyk beskermje tsjin de weagen fan de Waadsee. De fassinaasje foar de striid tsjin it seewetter siet der al betiid yn by Reedijk.

Herman Pennekamp út Hippolytushoeve waard berne yn 1932, it jier wêryn't it lêste gat yn de Ofslútdyk tichtmakke waard. Hy wie 19 jier doe't er syn earste baan krige oan de dyk en hat sûnt dy earste baan de wetterkearing eins nea wer ferlitten.

Ferhalen fan de Ofslútdyk

Yn Ferhalen fan de Ofslútdyk wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.
(Advertinsje)