9: Ferhalen fan it Waad - Koarnwertersân

    Koarnwertersân, Frysk doarpke op de Ofslútdyk. Earder ûntstien as wurkeilân tidens de bou fan dyselde Ofslútdyk. Letter wenplak fan de minsken dy't wurken op de sluzen en brêgen. No wenje der noch 22 minsken, is it ferneamd om it Kazemattenmuseum en in favoryt plakje fan guon kampers. It Buro strúnde der in dei om op syk nei de sjarme fan dit bysûndere plak.

    Buro de Vries (Podcast)

    In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
    (advertinsje)