8. It spûk fan de Skillige Piip

Yn de Fryske Wâlden wenne lang lyn in âlde, rike en tige deune man. Hy wie sljocht op syn jild en seach der trije kear deis nei. Mar nei't er twa kear in nachtmerje hân hie oer banditen dy't syn jild stielen, besleat er syn jildkistke te bedobjen yn de grûn. Hy tôch op in nacht op syn ezel de Skillige Piip oer en begroef syn jildkiste yn de grûn. Om noch sa lang mooglik fan syn jild genietsje te kinnen, gie er achterstefoaren op syn ezel wer werom. Mar dat gie mis... it bist stroffele, de man foel en wie dea.

Jierren letter wurde doarpsbewenners konfrontearre mei in spûk dat achterstefoaren op in ezel by de Skillige Piip omhinget. Foar de duvelbanner yn it doarp falt it net ta om it spûk kwyt te reitsjen...

Bonkerak

Spannende, horrorachtige folksferhalen foar bern én folwoeksenen.
(Advertinsje)