7 Stêden fan 22 desimber 2014 17:20

Hjoed yn de rige 7 Stêden folgje wy kollega Albert Jensma en sjoernaliste Ines Jonker fan de Ljouwerter krante mei Jos van Dalfsen fan Wetsus yn Bergen/Mons, België.

Bergen, oftewol Mons yn it Frânsk, is in Waalske stêd yn België en hat 93.000 ynwenners. De stêd hat twa universiteiten en 13 hegeskoallen. Dêrtroch wenje en wurkje der mar leafst 15.000 studinten. Bergen wrakselet mei in soad wurkleasheid mei troch de sluting fan de koaleminen yn de twadde helte fan de 20e ieu. De stêd sit no wer yn de lift, mei troch Kulturele Haadstêd 2015. Ald-premier fan België, Di Rupo, wie mei it binnenheljen fan de titel boargemaster fan de stêd.

By de searje heart ek de spesjale webside www.7steden.nl mei alle programma's, foto's en achtergrûnferhalen fan de makkers.

Share this page on:

7Stêden

Dit programma wurdt werhelle yn 'e simmer fan 2015. Alle sneinen yn july en augustus. Mienskiplik mediaprojekt Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân, Sân Stêden, in projekt yn it ramt fan KH2018. Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân reizgen yn oktober en novimber mienskiplik ôf nei de Europeeske Kulturele Haadstêden oant 2018.
(advertinsje)