7 Stêden fan 18 desimber 2014 17:20

Hjoed yn de rige 7 Stêden folgje wy kollega Henk te Biesebeek en fotografe Gitte Brugman mei topkok Jan Smink yn San Sebastian, Spanje. San Sebastian, oftewol Donostia foar de Basken, leit oan de Golf fan Biskaje, yn it noarden fan Spanje. De stêd hat sa'n 200.000 ynwenners en is ien fan de moaiste stêden fan Spanje. Yn San Sebastian draait alles om iten, de stêd telt mar leafst 16 Michelin stjerresjefs. Iten is dan ek ien fan de tema's fan Kulturele Haadstêd 2016.

By de searje heart ek de spesjale webside www.7steden.nl mei alle programma's, foto's en achtergrûnferhalen fan de makkers.

Diel dit berjocht op:

7Stêden

Dit programma wurdt werhelle yn 'e simmer fan 2015. Alle sneinen yn july en augustus. Mienskiplik mediaprojekt Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân, Sân Stêden, in projekt yn it ramt fan KH2018. Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân reizgen yn oktober en novimber mienskiplik ôf nei de Europeeske Kulturele Haadstêden oant 2018.
(advertinsje)