#3 De spagaat fan Ternaard

De NAM wol fanút it doarp Ternaard in gasbel ûnder de Waadsee oanboarje. Gas dat Fryslân tolve jier fan enerzjy foarsjen kinne soe. Mar gas winne yn in kwetsber gebiet dat boppedat de status fan wrâlderfguod hat, kin dat wol? Buro de Vries sprekt mei foar- en tsjinstanners yn 'De spagaat fan Ternaard'. In reportaazje fan René Koster.

Ferhalen fan it waad

Bysûndere ferhalen oan de Fryske waadkust. Fan John Deen dy't mei syn húshâlding nei Flylân kaam oant moaie moetings yn Moddergat. De ferhalen fan it Waad wurde yn dizze podcast ferteld.
(advertinsje)