#2: Piet syn waarsrûtine en de grillicheid fan maart

    Alle dagen wer dûkt Piet it waar yn. Mar hoe sjocht syn dei der eins út en wêr hellet de waarman syn ynformaasje wei? Wim Brons krûpt mei Piet achter syn kompjûters foar it útplúzjen fan de moarnsrûtine fan de waarman. Fansels prate se ek noch even oer it waar yn maart, want is it no maitiid of dochs noch winter....

    PietCast

    It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteresearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma.
    (advertinsje)