18yn2018 fan 9 maaie 2019 17:45

Yn dizze ôflevering fan 18yn2018 it ferhaal fan Moos van Breukelen. Yn 2014 wenne Moos yn Kollumersweach en gie nei it spesjaal ûnderwiis yn Damwâld. Nei syn 18de jierdei is der gjin ferfolch oplieding mooglik. En in plak yn in wenfoarm mei begelieding is net sa maklik te finen.

Moos hat eins de hiele dei 1 op 1 begelieding nedich. De âlders fan Moos hawwe dêrom it beslút nommen om de soarch op harren te nimmen. Dit is net altyd maklik en kostet in soad enerzjy want Moos is net wurdich te krijen en wol altyd op de kletter. Wy treffe de famylje Van Breukelen in ein bûten Fryslân want sy wenje op in boat yn Seelân.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)