18yn2018 fan 7 maart 2019 17:45

Hjoed is Lars Bosma út Nes by Akkrum de haadpersoan yn 18yn2018. Op dit stuit is Lars yn Fjetnam hy makket in reis fan in healjier troch Azië. Ferline jier helle hy syn VWO-diploma mar hy hat noch gjin idee wat hy studearre wol dus earst mar wat fan de wrâld sjen.

Mar mei Lars sjogge wy ek werom nei opnamen doe 't er 14 jier wie. En dat is hilarysk om te sjen, it liket wol in ûnbekende seit er sels.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)