18yn2018 fan 6 juny 2019 17:35

Kyra de Wolf fan Sint-Nyk giet net mear nei skoalle yn Beetstersweach. No't sy achttjin is kin sy te plak yn Maykehiem ek yn Sint-Nyk. Kyra helpt yn de keuken en docht oare putsjes. Kyra lit har troch har handicap net beheine, sy docht in soad oan sport en wol fan 't jier besykje har rydbewiis te heljen ek al tinkt sy dat de teory wol dreech foar har is.

Sa't se sels seit: "Als bij een computer de draadjes verkeerd zitten werkt het niet goed dat is bij ook zo."

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)