18yn2018 fan 4 july 2019 17:35

Abe-Jan van der Wal út Wynjewâld hat twa grutte hobbys, drumme en hynsteride. Hy sit yn de eksamenklasse fan it VWO en wol takom jier nei Enschede om dêr de studzje technyske genêskunde te folgjen.

Hjirfoar hat hy in talittingseksamen dien en no moat hy ôfwachtsje of hy it helle hat. Yn 2014 krige Abe-Jan geit Durkje op de jierdei, dy hat yntusken twa jongen en is behoarlik agressyf.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)