18yn2018 fan 4 april 2019 17:45

Meyke van Zuijlen wennet yn Akkrum mei har famylje. It is altyd gesellich thús, want har heit is kok en wurket oan hûs. En se hat noch twa suskes en in bruorke thús.

Meyke is hiel kreatyf en folget no in oplieding yn Zwolle oan it Cibap, in oplieding foar media en de kreative yndustry. Sy wol letter net yn Fryslân bliuwe mar giet leaver nei de Rânestêd.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)