18yn2018 fan 28 maart 2019 17:45

Dizze wike it ferhaal fan Hylke Jellema fan Snits. Hylke is de techneut ûnder dielnimmers. Yn 2016 boude hy syn eigen elektrysk skateboard en fyts, no hat hy in auto selsridend makke.
Hy gie nei de 'International School' yn Almere en wol miskien nei de universiteit.

Hy hat no de helte fan syn fakken helle en sil yn novimber wer eksamen dwaan. Eins hat hy it te drok foar skoalle want hy fynt fan alles út lykas syn hobbys wakeboarde en airsoft.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)