18yn2018 fan 26 juny 2015 17:20

Yn 18yn2018 folgje wy fjouwer jier lang jongerein fan trettjin en fjirtjin jier. Yn 2018 binne sy dus achttjin jier ald. Ferline jier binne de earste opnamen makke. De searje jout in bysûnder byld fan jonge minsken mei har eigen takomstdreamen.

Net in soad jonges hawwe earder it fleanbewiis as it rydbewiis foar de auto. Hylke kriget no al fleanles fan syn heit dy’t piloat is. Op ‘t heden giet Hylke Jellema nei de International School yn Almere, hy is berne yn Snits. Letter wol hy graach nei it bûtenlân.

Hilda Lageveen wennet yn Rotsterhaule en giet nei skoalle op It Hearrenfean. Yn har frije tiid past sy geregeld op de bern fan har tante. Sy wol letter yn har wurk ek wat mei bern dwaan.

18yn2018 is te sjen alle dagen om 17.20 oere en hjir nei alle oeren nei Hea!

Share this page on:

18yn2018

Yn 18yn2018 folget programmamakker Dieuwke Kroese fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. Ferline jier binne de earste opnamen makke. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)