18yn2018 fan 25 juny 2015 17:20

Yn 18yn2018 folgje wy fjouwer jier lang jongerein fan trettjin en fjirtjin jier. Yn 2018 binne sy dus achttjin jier ald. Ferline jier binne de earste opnamen makke. De searje jout in bysûnder byld fan jonge minsken mei har eigen takomstdreamen.

Ier en betiid sit Isabelle Bootsma al op de fyts, sy besoarget kranten yn Ljouwert. As sy klear is sjocht se GTST en dan giet sy nei it Comenius Zamenhof der’t sy op it VMBO sit. As sy grut is wol Isabelle fotomodel of aktrise wurde.

Op de golfbaan fan Ljouwert treffe wy Ardian Zejnulahu, hy golvet al fan syn tredde ôf en wol letter ek as professional de wrâld oer. Hy spilet en traint meastentiids mei syn heit. Ardian wennet foar de skoalle oer; de Dyk yn Ljouwert.

18yn2018 is te sjen alle dagen om 17.20 oere en hjir nei alle oeren nei Hea!

Diel dit berjocht op:

18yn2018

Yn 18yn2018 folget programmamakker Dieuwke Kroese fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. Ferline jier binne de earste opnamen makke. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)