18yn2018 fan 25 july 2019 17:35

Hjoed it ferhaal fan Morgan Spruijtenburg fan Terwispel. Morgan wie yn 2014 topturnster en trainde alle dagen op It Hearrenfean. Yn 2015 waard sy allround kampioen fan Nederlân en mocht sy meidwaan oan de jeugd Olympyske Spullen.

Dit wie it hichtepunt fan har karriêre want yn dat jier is sy ek ophâlden mei it top turnjen.Yntusken hat sy har VWO diploma helle en studearret sy oan de RUG yn Grins farmasy.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)