18yn2018 fan 25 april 2019 17:45

De searje '18yn2018' is hast ôfrûn. Wy hawwe de ferhalen opnommen fan 14 aardige, sportive, kreative, spontane, stoere en grappige jongeren opnommen. Wy seagen harren foar it earst yn 2014 doe wiene it noch bern, fjouwer jier letter binne sy jong folwoeksenen. De earsten binne al op keamers, in stik of wat hawwe in rydbewiis, en guon hawwe in relaasje.

Yn twa ôfleveringen sjogge wy werom op dizze searje. Leonie, Anne-Mare, Lars, Johan, Ilse, Kyra, Moos, Morgan, Berend, Meyke, Isabelle, Robin, Abe-jan en Hylke fleane sa stadichoan út. Wa wit letter mear! Hjoed de twadde searje weromsjen op.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)