18yn2018 fan 24 jannewaris 2019 17:45

Hjoed yn 18yn2018 it ferhaal fan Anne Mare

Anne Mare Bergsma fan Ljouwert wist op har fjirtjinde al dat sy letter dûnseres wurde woe. Sûnt 2016 sit sy op de dûnsakademy Lucia Marthas yn Grins. Yntusken wennet sy ek op keamers en dat befalt har poerbêst. Mar sûnt de simmer fan 2017 hat sy in swiere blessuere oan har foet oprûn.

Dit kin grutte gefolgen hawwe foar it ferfolch fan de dûnsoplieding. Oan har ynset en passy leit it yn elk gefal net want it is in echte trochsetter.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)