18yn2018 fan 23 juny 2015 17:20

Yn 18yn2018 folgje wy fjouwer jier lang jongerein fan trettjin en fjirtjin jier. Yn 2018 binne sy dus achttjin jier ald. Ferline jier binne de earste opnamen makke. De searje jout in bysûnder byld fan jonge minsken mei har eigen takomstdreamen.

Leonie Rolf wennet yn Stiens, sy hat har mei in hiel bysûndere reden opjûn foar 18yn2018. Yn 2013 ferstoar har bruorke Ronald. Hy wie alve jier. Dat yngripende barren wol Leonie graach diele mei oaren. Fierder is Leonie in gewoane puber, sy sit op it VWO en spilet fluit by Takostu yn it doarp.

Tijn van de Kamp wennet sûnt syn fjirde jier op It Amelân. Hy is dus net berne op it eilân, mar hy fielt him der hielendal thús. Yn syn frije tiid docht hy in soad oan sport. Op It Amelân kinne bern dy’t op de HAVO of it VWO sitte gjin eksamen dwaan. It kin dus wêze dat Tijn hiel jong it hûs út moat.

18yn2018 is te sjen alle dagen om 17.20 oere en hjir nei alle oeren nei Hea!

Diel dit berjocht op:

18yn2018

Yn 18yn2018 folget programmamakker Dieuwke Kroese fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. Ferline jier binne de earste opnamen makke. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)