18yn2018 fan 21 febrewaris 2019 17:45

Robin van Riet út Stiens is hjoed de haadpersoan yn 18yn2018. Hy is in fanatike shorttracker it is syn grutte dream om mei te dwaan oan de Olympyske spullen. Yn 2018 siet it allegearre tsjin hy rekke yn jannewaris blessearre en yn 'e simmer die bliken dat hy in begjinnende hernia hie.

Mar Robin set troch, nei in yntinsyf trajekt by de fysio kin hy yn elk gefal wer ride. De earste wedstriden giene ferrassend goed.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)