18yn2018 fan 14 maart 2019 17:45

Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Berend van der Wal fan Jobbegea. Berend fynt it echt ferskriklik om himsels werom te sjen as 14-jierrige, hy neamt himsels in 'kneus'. Mar wy seagen in aardige jonge dy't technysk ûnderwiis folge yn Boalsert. Yn 2014 wie der krekt in poppe berne yn de húshâlding Van der Wal, yn 2016 krige Berend noch in suske en ferline jier noch in bruorke. Hy folget in oare oplieding, by it Friesland College leart hy no foar media-ûntwikkeler en hy hat ferkearing.

18yn2018

Yn 18yn2018 wurde fjouwer jier lang achttjin jongeren fan trettjin en fjirtjin jier folge. Yn 2018 binne sy achttjin jier âld. De searje 18yn2018 jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.
(advertinsje)